IN AAI WÊZE

Lykas Kyp, wie Pinot earst in aai. Hy wie in lytse bal fan belofte.

Pinot is bliid dat hy net mear in aai is, want aaien binne tige brekber. Foar him is it aai fan Columbus hiel net sa snoad.

Doe't Pinot noch in aai wie, wie it winter. (Op de Súd Poal is de winter fan juny oan't augustus.) It aai mei Pinot moast op it droege bliuwe, mar dat betsjutte dat syn heit en mem tige honger hienen. Pinguins fine harren iten in de see.

En sa moast Pinot syn mem de lange reis troch de see meitsje, om alle boadskippen te dwaan foar har gesin. Foar dat se útein sette, naam se Pinot's aai en sette it op de fuoten fan Pinot syn heit, lyk foar syn búk wer't it lekker waarm wie. Doe swom se fuort en Pinot syn heit bliuw allinnich mei it aai.
Pinot syn heit soarget foar it aai.


werom     farút